Fries|De gebroken belofte van de rechtsstaat - explainervideo
1
00:00:00,440 --> 00:00:02,520
Nederlân is in rjochtssteat.
2
00:00:02,520 --> 00:00:05,040
Mar dy rjochtssteat
liket net goed te wurkjen.
3
00:00:05,640 --> 00:00:07,760
Wat giet der mis
en wat kinne we ferbetterje?
4
00:00:08,200 --> 00:00:10,000
It ûnthjit fan de rjochtssteat...
5
00:00:10,040 --> 00:00:13,520
is dat boargers troch en tsjin
de oerheid beskerme binne...
6
00:00:13,560 --> 00:00:17,960
ynfloed hawwe op de macht fan de oerheid
en stipe krije as dat nedich is.
7
00:00:18,080 --> 00:00:22,320
Mar dat ûnthjit wurdt brutsen.
8
00:00:23,000 --> 00:00:27,400
It taslaggeskandaal liet sjen dat
boargers net altiten de beskerming krije...
9
00:00:27,440 --> 00:00:29,480
dy't se fan de oerheid ferwachtsje meie.
10
00:00:29,960 --> 00:00:33,360
De oerheid kearde de boargers syn rêch ta
en makke misbrûk fan syn macht.
11
00:00:33,400 --> 00:00:35,520
Itselde barde yn Grinslân.
12
00:00:36,320 --> 00:00:40,600
De oerheid negearre jierrenlang klachten
oer de gefolgen fan de gaswinning.
13
00:00:41,360 --> 00:00:44,280
It is dúdlik: der moat wier wat feroarje.
14
00:00:44,680 --> 00:00:47,440
De Steatskommisje rjochtssteat
krige de opdracht...
15
00:00:47,440 --> 00:00:52,120
om út it perspektyf fan de boarger wei de
wurking fan de rjochtssteat te ûndersykjen...
16
00:00:52,160 --> 00:00:54,480
en útstellen te dwaan
fan hoe't it better kin.
17
00:00:55,000 --> 00:00:58,320
Begjin 2023 binne we úteinset
mei it ûndersyk.
18
00:00:58,840 --> 00:01:01,640
Sûnt hawwe we mei in protte boargers
en saakkundigen praten.
19
00:01:02,080 --> 00:01:04,600
In pear fragen stiene
yn it ûndersyk sintraal.
20
00:01:05,040 --> 00:01:08,240
Hokke swierrichheden ûnderfine boargers
yn de wurking fan de rjochtssteat?
21
00:01:08,720 --> 00:01:13,200
Wat giet der allegearre mis en wat kin
de oerheid dwaan om dat te ferbetterjen?
22
00:01:13,680 --> 00:01:17,760
Wy woene benammen witte hokke ferbetterings
boargers it meast helpe soene.
23
00:01:17,840 --> 00:01:21,280
Wy hawwe op ferskate wizen
ûndersocht wêr't boargers tsjinoan rinne.
24
00:01:21,600 --> 00:01:23,800
Op tolve plakken yn it lân
praten we mei minsken...
25
00:01:23,840 --> 00:01:25,840
oer harren ûnderfinings
mei de rjochtssteat.
26
00:01:26,320 --> 00:01:29,400
By in iepen foarum
dielden boargers harren miening mei ús.
27
00:01:29,840 --> 00:01:32,160
En in boargerpennel
hat oanrekommandaasjes dien...
28
00:01:32,200 --> 00:01:34,960
fan hoe't de rjochtssteat
de boarger better beskermje kin.
29
00:01:35,160 --> 00:01:38,680
Wy hawwe ek ynsichten út de wittenskip
en de praktyk sammele.
30
00:01:39,320 --> 00:01:42,560
By in hackathon
wurken jonge amtners yn tiims...
31
00:01:42,600 --> 00:01:44,600
oan ferbetterings foar de rjochtssteat.
32
00:01:44,600 --> 00:01:49,040
De Steatskommisje konkludearret
dat der trije grutte problemen binne.
33
00:01:49,280 --> 00:01:52,520
De rjochtssteat spilet in te lytse rol
yn it hanneljen fan politisy...
34
00:01:52,560 --> 00:01:54,880
bestjoerders en meiwurkers fan de oerheid.
35
00:01:55,400 --> 00:01:58,080
It ûnthjit fan de rjochtssteat
sjoch ik as folget werom.
36
00:01:58,080 --> 00:02:00,320
Ik sjoch dat
der in hiele protte earmoed is...
37
00:02:00,360 --> 00:02:03,840
mar ik sjoch wol dat âlden
it o sa wichtich fine...
38
00:02:03,840 --> 00:02:06,480
dat in studint nei skoalle giet
om in takomst op te bouwen...
39
00:02:06,480 --> 00:02:08,120
sadat se út dy earmoed komme.
40
00:02:08,440 --> 00:02:09,920
En it ûnthjit fan de rjochtssteat is...
41
00:02:09,960 --> 00:02:13,120
dat alle studinten it rjocht hawwe
om nei skoalle te gean.
42
00:02:13,160 --> 00:02:17,600
Dat sjogge we sadwaande ûnder oaren werom
trochdat de studint finansjeel stipe wurdt...
43
00:02:17,600 --> 00:02:22,640
troch't der ynstânsjes binne dy't ynspringe
om lesjild, mar ek boetejild, te beteljen.
44
00:02:22,640 --> 00:02:26,000
Dêrtroch makket de studint wer kâns
om in takomst op te bouwen.
45
00:02:26,400 --> 00:02:29,920
As de rjochtssteat dy ynstânsjes
net yn stân hâldt en ôfpakt...
46
00:02:29,960 --> 00:02:32,880
dan bliuwt in studint
yn dy sirkel fan earmoed...
47
00:02:32,920 --> 00:02:35,440
en makket er nea kâns
om út dy wrâld te stappen.
48
00:02:36,440 --> 00:02:38,720
It belied, de wetjouwing...
49
00:02:38,720 --> 00:02:42,800
en de útfiering fan ynkomstestipe
binne te dreech.
50
00:02:43,280 --> 00:02:46,360
It wie folslein ûndúdlik
wêr't ik wol en net rjocht op hie.
51
00:02:46,400 --> 00:02:49,680
Der is ek net ferteld
dat se ferplichte wiene...
52
00:02:49,720 --> 00:02:53,080
om oant maksimaal mbû-nivo 2
oan te bieden kwa wurk.
53
00:02:53,080 --> 00:02:56,000
Der waard ek net ferteld dat ik,
as ik it idee haw...
54
00:02:56,040 --> 00:03:00,720
dat ik noch net klear bin om te wurkjen,
in medyske keuring oanfreegje kin.
55
00:03:01,400 --> 00:03:05,720
En dat hie no krekt datjinge west wat my
in hiele soad illinde besparje kinnen hie.
56
00:03:05,960 --> 00:03:09,680
It bart te faak dat de oerheid
it foar de minsken dreech makket...
57
00:03:09,680 --> 00:03:11,400
om foar harren rjochten op te kommen.
58
00:03:11,920 --> 00:03:15,000
Myn rjocht kin dochs net
op dizze wize ôfpakt wurde...
59
00:03:15,040 --> 00:03:17,680
en dat ik in net normaal bestean haw
hjir yn Nederlân...
60
00:03:17,680 --> 00:03:19,600
dat ik eins nimmen bin, steatleas.
61
00:03:20,080 --> 00:03:21,800
Wylst ik gjin oannommen bern bin.
62
00:03:21,840 --> 00:03:28,480
Der is alhiel gjin beskerming foar in bern
dat traumatisearre is en soarch nedich hie...
63
00:03:28,480 --> 00:03:34,160
út Jongereinsoarch wei,
dêr't ús mem doe betrouwen yn hie.
64
00:03:34,640 --> 00:03:37,560
It feit dat se my
yn dy situaasje brocht hawwe...
65
00:03:37,560 --> 00:03:39,920
en my sitten litten hawwe...
66
00:03:40,880 --> 00:03:43,640
dat fyn ik wol heftich.
67
00:03:43,880 --> 00:03:46,840
It ûnthjit fan de rjochtssteat
wurdt brutsen.
68
00:03:47,440 --> 00:03:52,560
Dat is it gefolch fan politike karren
of krekt it net meitsjen fan dy karren.
69
00:03:52,800 --> 00:03:55,120
En boargers binne dêr it slachtoffer fan.
70
00:03:55,600 --> 00:03:59,320
Wy roppe dêrom it parlemint,
it regear en de rjochtspraak op...
71
00:03:59,360 --> 00:04:03,480
om gear te wurkjen oan it ynlossen
fan it ûnthjit fan de rjochtssteat.
72
00:04:04,720 --> 00:04:07,320
Wy dogge tsien ferbetteringsútstellen...
73
00:04:07,320 --> 00:04:10,920
dy't rjochte binne op it ferbetterjen
fan rjochtssteatlik liederskip.
74
00:04:11,680 --> 00:04:15,440
It is wichtich dat politisy,
bestjoerders en amtners...
75
00:04:15,480 --> 00:04:19,920
de rjochtssteat as kompas brûke
yn it wurk en dêryn treend wurde.
76
00:04:20,680 --> 00:04:22,600
As de jongerein it goede foarbyld kriget...
77
00:04:22,640 --> 00:04:25,560
dan kin hja sels ek better bydrage
oan de rjochtssteat.
78
00:04:26,280 --> 00:04:29,880
Wy dogge ek útstellen om it kontakt
mei de boarger te ferbetterjen...
79
00:04:29,920 --> 00:04:32,800
en boargers te belûken by it meitsjen
fan belied en regelingen.
80
00:04:34,400 --> 00:04:36,880
Fersimpelje it belied foar besteanswissens.
81
00:04:36,920 --> 00:04:40,520
Sa kinne Saskia en oaren
echt meidwaan yn ús mienskip.
82
00:04:41,480 --> 00:04:44,800
En stel minsken better yn steat
om foar harren rjochten op te kommen.
83
00:04:45,520 --> 00:04:48,200
Foarkom dêrmei dat it tritich jier duorret...
84
00:04:48,240 --> 00:04:51,120
lykas by Batya,
foardat der in oplossing fûn is.
85
00:04:52,200 --> 00:04:54,080
De ferbetterings moatte derfoar soargje...
86
00:04:54,120 --> 00:04:57,920
dat boargers troch en tsjin
de oerheid beskerme binne...
87
00:04:57,920 --> 00:05:01,920
ynfloed hawwe op de macht
en stipe krije as dat nedich is.
88
00:05:02,200 --> 00:05:04,960
Wolst mear witte
oer de Steatskommisje rjochtssteat...
89
00:05:05,000 --> 00:05:07,920
ús ûndersyk en de ferbetterings
dy't we útstelle...
90
00:05:07,920 --> 00:05:10,840
gean dan nei staatscommissierechtsstaat.nl.